€ 5.000 foar oanskaf Fryske berne- en jeugdboeken

Geplaatst op 7 maart, 2019 om 11:05 | In de categorie:

Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hat de gemeente Achtkarspelen besletten om foar de oanskaf fan Fryske berne- en jeugdboeken € 5.000 beskikber te stellen foar it foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis.

De skoallen kinne foar € 200 Fryske boeken bestelle en de pjutteopfang foar € 100. Max de Haan, wethâlder Frysk: “Hjirmei wolle wy it (foar)lêzen fan Fryske boeken yn it ûnderwiis stimulearje, want meartaligens yn it ûnderwiis is wichtich.” De wethâlder hat de boeken oerlange oan basisskoalle De Claercamp út Gerkeskleaster, dy’t as earste de boeken besteld hat.

De pjutteopfang en de skoallen kinne de boeken bestelle by boekhannel The Read Shop yn Bûtenpost en boekhannel Bruna yn Surhústerfean.

Foto: gemeente Achtkarspelen

Op de foto: Miranda Renkema, directeur De Claercamp, wethouder Max de Haan en leerlingen van de basisschool